50e boeremoeting

jannewaris 30, 2010 11:12

Fan woansdei 3 oant sneon 6 febrewaris 2010 organisearret in wurkgroep út namme fan Stichting Fryske Rie yn Ljouwert de 50e Ynterfryske útwiksel tusken boeren út it Dútske Noard- en East-Fryslân en boeren út ‘ús’ saneamde Westerlauwersk Fryslân.

Yn 1959 wienen Carsten Boysen foar Noard-Fryslân, Tobias Goemann foar East-Fryslân en Marten Minnema foar Westerlauwersk-Fryslân de grûnlizzers foar de jierlikse boeremoetings.
De kontakten oer de (steats-)grinzen hinne binne wichtich en ek posityf yn de moderne Europeeske ûntwikkelingen.
De kontakten tusken de Fryslannen hawwe troch de jierren hinne ek hieltiten tige wichtich west foar it oerwinnen fan de âlde tsjinstellings yn Europa en binne sa ek posityf wurdearre troch it regear fan sawol Nederlân as de Dútske Bûnsrepublyk.

By it gasthearskip wikselje de trije Fryslannen inoar hieltyd ôf. Yn 2008 foar de 48e kear yn Noard-Fryslân, yn 2009 foar de 49e kear yn East-Fryslân. Dat betsjut dat foar de 50e boeremoeting yn 2010 de provinsje Fryslân wer oan bar is. Reden foar in ekstra feestlike moeting. Lykas wenst wurde de gasten, sa’n 40 persoanen, by gastgesinnen ûnderbrocht.

—————
It programma

Woansdei 3 febrewaris
17.00 oere Oankomst yn Restaurant-Ytkafee De Molen, Vrouwbuurtstermolen 2 yn Froubuorren.

Iepenjen/wolkom Sjoerd van der Schaar, foarsitter wurkgroep boeremoeting
Spesjaal wolkom/ dr. mr. Roel C. Kaastra, foarsitter Ynterfryske Rie/
sprekker en foarsitter fan de Fryske Rie

Ferdieling oer de gastgesinnen.

De jûns nei eigen ynsjoch te besteegjen.

Tongersdei 4 febrewaris
11.30 oere Provinsje Fryslân oan de Snekertrekwei 1 yn Ljouwert.

Untfangst troch deputearre Jannewietske de Vries
Middeisiten, oanbean troch de Provinsje Fryslân.

14.00 Besite oan it ‘De Wiidpleats’ Koaidyk 8a, te Earnewâld:
Yn “De Wiidpleats” komme natuer en boer byinoar. It gebou jout ûnderdak oan it besikerssintrum, it lânboumuseum, eksposysjes, it Wiidpleatsteater” en kongressintrum en restaurant “De Buitenplaats” (iepene 2 april 2009 troch deputearre Jannewietske de Vries).

Oanslutend dêr in hapke en in drankje.
De jûns nei eigen ynsjoch te besteegjen.

Freed 5 febrewaris
9.30 Besite oan Kwekerij A.C. Hartman B.V, Juckemaleane 10 yn Seisbierrum.
A.C. Hartman Sexbierum BV is in modern glêsgrientebedriuw dat al jierrenlang gearwurket mei grutte supermerkketen Albert Heijn. Mei dy keten wurde strategyen útwurke foar assortimint, produktfernijing, ferpakkings ensfh.

12.00 Middeisiten yn doarpshûs De Spil oan de Hopmansweg 7 yn Mullum.

Oanslutend ynlieding troch S. Tigchelaar oer syn bargehâlderij oan de Hoarnestreek 8 yn yn Winaam.

19.30 Waarm en kâld buffet yn De Spil, Hopmansweg 7 yn Mullum. Oanslutend in gesellich byinoar wêzen mei ynlieding, muzyk en in hapke en in drankje.

Sneon 6 febrewaris
Ofreizgjen op eigen gelegenheid.
Stichting Fryske Rie

Organisaasje:
Wurkgroep boeremoeting
Sjoerd van der Schaar, foarsitter
Daan de Hoop
Jan van der Weg
Doeke Wilman

Kontaktpersoan:
Sjoerd van der Schaar
Julianaleane 15
78872 NL MULLUM
tel. (0)517 41 24 92

jannewaris 30, 2010 11:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.