16de Lustrum fan it WSSFS is in feit

jannewaris 30, 2010 12:42

Fan 19 oant 23 jannewaris hat it WSSFS, it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje, har 16de lustrum fierd. Dit lustrum hie as tema ‘80 troch de bocht’. It hat in slagge wike west mei in grutte opkomst fan âld-leden op 23 jannewaris. Dizze wike is ôfsletten mei in optreden fan Piter Wilkens.

Op 23 jannewaris 80 jier lyn wienen der 9 Friezen by de studinteferiening ‘Ceres’ yn Wageningen dy’t fûnen dat harren Fryske identiteit dêr net goed ta syn rjocht kaam. Sy besleaten doe op 23 jannewaris om sels in selskip op te rjochtsjen, it WSSFS. Sjoen it feit dat it dit jier 80 jier lyn is, wie it tiid foar in feestje.

Tiisdei 19 jannewaris wie it dan sa fier, it 16de lustrum waard ôftrape. De leden hienen der al fiif jier nei út sjoen, mar no mocht it dan einliks los. Earst hat de foarsitter fan de Lustrumkommisje in praatsje holden. Dêrnei waard de sjampanje fan de koark ûntdien en yngetten. Doe koe mei de earste aktiviteit fan de wike úteinset wurde. De playbackshow fan dy jûn stie yn it teken fan de lêste 80 jier fan de feriening. De perioade wie yndield yn desennia en eltse kommisje krige 10 jier foar syn rekken. Der kamen kwissen, optredens en nijsoersichten foarby. Dat wie in passend begjin fan de moaie wike. De tongersdeis mochten de bestjoeren it WSSFS-bestjoer lokwinskje mei harren 80ste jierdei. De bestjoeren fan de Federaasje en Bernlef wienen ek oanwêzich. De freeds wie der it ‘kreas iten’. Eltsenien wie frege om syn of har kreaze klean oan te dwaan en te ferskinen by H41, in restaurant yn Wageningen. Eltsenien mocht ek in date meinimme. Dy moast dan fan te foaren útnoege wêze neffens in bepaald protokol. Sa sieten in soad leden de jûns te genietsjen fan in trijegongediner. Al dy aktiviteiten wienen opstappen nei de grutte klimaks op de bertedei fan de feriening, de âld-lededei. Dy âld-lededei wie op it Forum, it kolleezjegebou fan de universiteit fan Wageningen. Mei de hjoeddeiske leden hienen de âld-leden fan de feriening de gelegenheid om de bertedei te fieren. Op dizze dei wie der in sprekker, Jan Douwe van der Ploeg. Hy hat ferteld oer de lânbou mei yn  it sintrum fan syn praatsje it tema fan it lustrum. Nei de lêzing wie der de mooglikheid om mei syn allen op de foto. Nei de tiid wie de resepsje, mei jûns in optreden fan Piter Wilkens. De Lustrumkommisje hat tige syn bêst dien om it in slagge wike wurde te litten en efternei sjoen wie it net in slagge wike allinne, it wie allegearre oant yn de puntsjes fersoarge. No op nei de folgjende 80 jier!

jannewaris 30, 2010 12:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Maaike febrewaris 8, 14:19

    It wie tige slagge!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.