Wüst en Gerritsen Olympysk tikket

desimber 28, 2009 09:00

It Hearrenfean – Reedrydsters Ireen Wüst en Annette Gerritsen ha snein by it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Hearrenfean in startbewiis op de 1500 meter ôftwongen.
Wüst wûn de beslissende wedstriid yn in tiid fan 1.56,97, Gerritsen waard twadde: 1.57,58. Beide froulju binne dêrmei fersekere fan olympyske dielnimming op dizze ôfstân.
Laurine van Riessen einige op it tredde plak (1.58,35) en is dêrmei ek sa goed as fersekere fan kwalifikaasje foar de Winterspullen. Har teamgenoate by Control, Margot Boer, waard fjirde: 1.58,38. Sy moat ôfwachtsje oft mear as tsien ferskate rydsters (it maksimale oantal) harren pleatse foar ‘Vancouver’. As dat it gefal is, dan moat de nûmer fjouwer op de 1500 meter as ien fan de earste rydsters har tikket ôfjaan.
De jonge rydster Lotte van Beek prestearre yn in fol Thialf poerbêst. Sy ried in tiid fan 1.58,40 en waard dêrmei knap fiifde. Earder wrâldkampioen allround Paulien van Deutekom einige mar as sânde en griep dêrmei njonken in olympysk startbewiis. Elma de Vries, dy’t trije wike lyn noch brûns wûn by in Wrâld Beker wedstriid, kaam pas nei 2.02,39 oer de streek en waard teloarstellend lêste.

desimber 28, 2009 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.