Undersyk nei road trains

desimber 2, 2009 20:46

It Britske bedriuw Ricardo sil ûnder de flagge fan it EU-programma Sartre (Safe Road Trains for the Environment) ûndersyk dwaan nei de helberheid fan ‘road trains’: kolonnes auto’s dy’t troch in dêrfoar apart oanpaste auto laat wurde. Dy auto wurdt bestjoerd troch in sjefeur, dy’t de auto’s yn de kolonne mei help fan in regel-ienheid en trieleaze kommunikaasje automatysk bestjoert. It moat mooglik wurde om ridend yn de ‘trein’ fan auto’s achter de liedende auto yn te foegjen en dêrnei fia in trieleas keppelingsmechanisme de bestjoering letterlik út hannen te jaan. It soe feiliger wêze en oant tweintich persint brânstof besparje.

It Sartre-projekt rint trije jier en omfettet ek proeven op testbanen yn Ingelân, Sweden en Spanje. Dat lêste lân hat al echte testen op wegen oankundige.

desimber 2, 2009 20:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.