Tuskentiden: begeliedings- en koarbondel

desimber 30, 2009 12:41

Yn oktober 2006 kaam it lieteboek Tuskentiden út. Dat is de Fryske oersetting fan Tussentijds, dat in jier earder útkommen wie. Dy bondel foarsjocht yn it ferlet oan nije lieten yn de tiid tusken it Lieteboek foar de Tsjerken (1973 /1980) en it nije Lieteboek dat yn 2012 útkomme sil; alteast de Nederlânske ferzje. Oan de Fryske oersetting fan Liedboek sil dan noch trochwurke wurde.

Tuskentiden hat in tajefte fan 32 lieten dy’t net yn Tussentijds steane. Koart dêrnei kamen by dy tajefte in begeliedingsboek en in bondel mei koarsettingen út. Dy beide bondels wiene al frij gau útferkocht. Sûnt koart binne se wer te krijen.

De begeliedingsbondel kostet € 12,50 en de koarbondel € 8,50.

Salang’t der foarried fan is, binne se te bestellen by W. Rozendal yn Damwâld, telefoan (0511) 42 37 12, e-mail: wesselrozendal@hotmail.com.

It lieteboek Tuskentiden sels is yn de boekhannel te keap: ISBN 978 90 435 1318 0. Dat kostet € 18,50.

desimber 30, 2009 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.