Ta de neitins fan Tony Feitsma

desimber 29, 2009 11:05

*18 jannewaris 1928 Brantgum – †9 augustus 2009 Ljouwert

Sybren Sybrandy

Tresoar hie by har ferstjerren in stikje film fan Tony Feitsma op syn website setten. Dêryn die se ûnder oaren in oprop oan Fryske skriuwers en wittenskippers om ek har oanpart te leverjen yn de Fryske beweging. Sels hat se dat fan it begjin ôf dien en it twingt bewûndering ôf as je neigeane hoe warber oft se west hat op beide fronten, om it noch mar ris yn oarlochsterminology te sizzen. Sa wie se yn de begjinjierren foarsitter fan de FNP en siet se in jiermannich yn it bestjoer fan de Koperative Utjouwerij. Jierrenlang wie se lid fan it Frysk Nasionael Boun en wie as sadanich ek lang foar it Boun lid fan de Rie foar de Fryske Beweging. Fierder wie se jierrenlang lid fan de redaksje fan De Stiennen Man, it blêd fan it Boun en it Selskip 1844, letter it ‘kaderblêd’ foar de Fryske beweging en orgaan fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Se siet altyd wol of yn it bestjoer of wie redaksjelid, en yn elts gefal joech se geregeldwei har miening yn De Stiennen Man. Tegearre mei Rindert Straatsma hat hja derfoar soarge dat dat blêd syn namme fan kaderblêd wier meitsje koe.
As wittenskipper wie se alhielendal gjin keamergelearde, mar se koe goed organisearje en al har ferskillende aktiviteiten har gerak jaan. Ik wit noch skoan dat se my eksakt op de jûn fan myn doktoraal eksamen skille; se koe my nammentlik as skriuwer yn Fryslân Oerein!, it blêd fan de Fryske studinten. De fraach wie oft ik, no’t ik nei myn eksamen nei Fryslân komme soe, lid wurde woe fan de redaksje fan De Stiennen Man, dêr’t yn dy tiid J. van der Meer, Sybe Sybesma en Jan de Vries lid fan wienen, en Tony fansels. Datselde organisaasjetalint kaam ek út doe’t se, tegearre mei Henk Meijering, beide al yn dieltiid professor, troch handige kombinaasjes der wer foar soarge dat Trinus Riemersma en oaren oan de Frije Universiteit assistintskippen krije koenen en sa noch wer mear ûndersyk en publikaasjes op priemmen sette.

Yn de wittenskip fûn se it fan grut belang om it Frysk mei oare minderheidstalen te ferlykjen om út te finen wat foar sokke talen wichtige faktoaren foar har fuortbestean en bloei wêze koenen, en wêr’t krekt de gefaren sieten. Dy kennis koe se dan wer brûke yn de praktyk fan de beweging, as it gie om de bêste metoade fan taalbefoardering, it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis of it amtlik brûken fan de taal. By it skriuwen fan de kommentaren fan de Ried op it rapport fan de kommisje-Van Ommen (1970) oer de taak fan de ryksoerheid foar it Frysk oer en ryksjild foar it Frysk hie se bygelyks in belangrike rol, en se prate mei yn petearen mei ministers as Marga Klompé, dy’t altyd sa moai ‘uw ryt’ sei as it oer de Ried gong, en Cees van Veen.

De bibliografy dy’t by har fyftichste jierdei yn 1978 ferskynde, Jiddyjefte, befettet 567 titels, en al har artikels fan De Stiennen Man, grut, of lyts as se yn in neiwurd noch it lêste wurd hawwe woe, steane der yn. Sa is te sjen dat it net allinnich oer taal en taalbefoardering giet, mar ek om kwestjes dy’t sydlings ynfloed hawwe kinne op de kultuer, lykas gewestfoarming.
Yn de twadde helte fan de santiger jierren easke de striid om de staveringsferoaring in grut part fan har tiid. As taalwittenskipper hie se fansels bepaalde opfettings oer wat in goede stavering is, en se fûn ek dat taalkundige arguminten yn it debat belangryk wiene. Spitigernôch krigen sy en har meistanners, dêr’t ik ek by hearde, gjin gelyk. (It is aardich om te sjen dat no de jongerein benammen op ynternet syn eigen wei giet en sels wol útfynt hoe’t se har Frysk staverje wolle).

Fansels wie Tony, sa’t Meijering ek seit yn syn In memoriam yn De Moanne (8,2009, nr.7), net altyd like maklik. Dat is wier, mar dêr stie in soad foar oer, mei yn myn eagen as grutste fertsjinst, dat hja altyd fol nije ideeën siet, dy’t hja tige ynventyf út alle hoeken en hernen wei helle en dy’t se ek besocht út te wurkjen en yn te setten foar har ideaal.

foto Frans Andringa

desimber 29, 2009 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.