Studint leveret jild op

desimber 14, 2009 10:27

It húsfestjen fan studinten is ekonomysk geunstich foar in stêd. Ut in rekkensom fan TNO blykt dat elke studint sa’n 25.000 euro it jier bydraacht oan de regionale ekonomy.

Dat stiet yn it rapport ‘Kennis as ekonomyske motor’, fan TNO. It ûndersyk is dien yn opdracht fan Kences, spesjalisearre yn studintehûsfesting.

De ûndersikers stieken harren ljocht op yn trettjin gemeenten: allegearre universiteitsstêden en De Haach. Dêr blykt de oanwêzichheid fan de jonge knappe koppen as in magneet te wurkjen op ynnovative bedriuwen en ûndersykynstellingen. Benammen foar it relatyf lytse Wageningen leveret de universiteit in soad ekonomysk gewin op.

Yn Wageningen wurdt 67 persint fan alle leanen oermakke oan saneamde kenniswurkers, ûngefear 416 miljoen euro, en noch ris 4,7 miljoen euro oan studinten. Yn Amsterdam giet it om 11 persint fan de totale leansom yn de stêd en ek dat is fier boppe de 6 persint dy’t yn trochsneed foar hiel Nederlân jildt. De bestegingen fan dizze minsken hawwe effekten op de lokale ekonomy. De pleatslike skilder, bakker, boekhannel en oannimmer farre der wol by, neffens it rapport.

desimber 14, 2009 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.