Stipe natoerorganisaasjes nimt ôf

desimber 8, 2009 08:42

Natoer- en miljeu-organisaasjes hawwe it ôfrûne jier op ’e nij leden en stipers ferlern. Yn 2009 stipen mei-inoar krekt wat mear as fjouwer miljoen minsken (4.013.900) de goede doelen.

Yn 2008 wienen dat 4.075.101. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan it VARA-radioprogramma ‘Vroege Vogels’, dat de útkomsten yn de útstjoering presentearre.

De sektoaren miljeu en natoer binne de grutte ‘ferliezers’, bistebeskermingsorganisaasjes sjogge harren oanhing justjes tanimmen. Nettsjinsteande dat stiet it Wrâld Natoer Fûns mei 910.000 leden noch op it foarste plak op ’e ranglist. Dat binne 17.000 minder as foarich jier. Op it twadde plak stiet de grutte ferliezer fan dit jier: Natoermonuminten. Dit jier stipen 830.000 minsken dizze organisaasje; in jier earder wiene dat 52.000 mear.

Natoermonuminten liet yn in reaksje witte dat nettsjinsteande it ôfnimmen fan it ledetal de folsleine finansjele bydrage fan leden yn 2009 gelyk bleau oan dy yn 2008. “Dêrtroch hat it efterútgean fan it ledetal gjin ynfloed op it wurk fan Natoermonuminten. Wy binne ús leden hiel tankber dat se yn dizze ekonomyske krisis it beskermjen fan de natoer sa trou stypjen bliuwe”, sa stelt Jan Jaap de Graeff, algemien direkteur.

Bistebeskermingsorganisaasjes seagen harren ledetal in bytsje foarút gean. Sa groeide de ‘World Society Protection of Animals’ mei 18.259 nei 113.128 stipers. De Stifting AAP krige der 11.065 ‘freonen’ by, Bistebeskerming sawat sântûzen en Fûgelbeskerming 4.522.

desimber 8, 2009 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.