Stifting AAP bringt liuw nei Afrika

desimber 2, 2009 06:44

Mufasa, de earste welp dy’t stifing AAP yn har bestean opfongen hat, giet kommende wike op transport. De welp giet tiisdei nei Súd-Afrika om der wer in echt liuwenlibben te krijen.

Stifting AAP is normaal allinnich dwaande mei Apen. Mar yn septimber helle de stifting de liuw út Spanje wei. Dit omdat it bistke út de koai groeide yn in bisteopfangsintrum yn Spanje. Dêr drige de liuw ôfmakke te wurden. De lytse liuw sil yn Súd-Afrika loslitten wurde yn in park fan in opfangsintrum. Dêr sil de liuw mei oare jonge bisten leare moatte om liuw te wezen. Dy perioade kin likernôch ien oant twa jier duorje. De jonge liuw moat jeien leare en moat omgean kinne mei soartgenoaten.

desimber 2, 2009 06:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.