Stadionferbod reedrydhooligans

desimber 30, 2009 14:18

It reedridersbûn KNSB hat de tolve minsken dy’t tiisdei nei de tredde dei fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Hearrenfean op it iis kamen, strang oanpakt.
De ‘reedrydhooligans’ moasten neffens de regels allegearre in boete fan 2000 euro betelje en krigen in stadionferbod fan fiif jier. Dat makke de KNSB woansdei bekend.
De tolve minsken rûnen nei ôfrin fan de twadde 500 meter foar froulju – it lêste ûnderdiel fan dy dei – it iis yn it Thialf-stadion op en besochten dêrnei op it middenterrein in earerûntsje te rinnen. Under it Europeesk kampioenskip allround, begjin dit jier op it Hearrenfean, rûnen ek al twa oarderfersteurders it iis op. Ien fan de twa besocht, klaaid yn in bearepak, winner Sven Kramer te felisitearjen. Dy kamen der foarwei mei in stadionferbod fan in jier en in boete fan 450 euro.
De KNSB lit witte nei oanlieding fan it nijste insindint op ’e nij nei de feilichheidsmaatregels te sjen.

desimber 30, 2009 14:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.