Mei LightSail troch de romte sile

desimber 9, 2009 08:52

Oan de ein fan 2010 sil it earste fan trije romteskippen oandreaun troch sinneljocht troch de romte sile. Dizze LightSail 1 is sa grut as trije molkepakken. It hat in seil fan polyethyleentereftalaat (PET), dat oerdutsen is mei in hiel fyn laachje aluminium. Utteard hat it in oerflakte fan 32 m2.  Fotonen fan de sinne, dy’t oan ien wei troch op it seil falle, drage harren ympulsmomint der op oer. Dat leveret in hieltyd mear tanimmende faasje op fan 0,06 mm/s2. Nei hûndert dagen is de faasje – opteld by de begjinfaasje – sa’n 14.000 km yn ‘e oere. Nei trije jier is de faasje tanommen oant omtrint 250.000 km yn ‘e oere. In reis nei Pluto duorret mei in sinneseil minder as fiif jier. De yn 2006 lansearre New Horizons-misje docht der omtrint tsien jier oer.

Mei it sinneseil fan de Amerikaanske Planetary Society krijt de romtefeart nije mooglikheden. Neist it reizgjen sûnder brânstof en mei in grutte gong, makket in sinneseil ek stilstean yn de romte mooglik. It seil heft hjirby de oanlûkingskrêft fan de sinne en planeten op. Opfolgers LightSail 2 en 3 sille dat sjen litte moatte. Oars is in mei laserljocht oandreaun sinneseil de maklikst út te fieren wize om nei oare stjerren te reizgjen

desimber 9, 2009 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.