Reuzehaai spielt oan op It Amelân

desimber 3, 2009 06:51

Op it strân fan It Amelân binne sneintejûn de resten fan in jonge reuzehaai ûntdutsen. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat hat de haai gjin holle, sturt en hûd. “De haai is wierskynlik al in wike as fjouwer dea”, sa seit de wurdfierder. De ûntbrekkende dielen binne weirotte. Oan de struktuer fan it skelet en in lyts stikje hûd koenen wy moandei by deiljocht sjen dat it om in reuzehaai giet.”

It haaikadaver is sa’n twa meter lang. As alles der noch oan siet dan wie er nei alle gedachten trije meter lang”, seit  de wurdfierder.  Folwoeksen reuzehaaien kinne neffens him alve meter wurde en kinne dan wol 5000 kilo weagje. Reuzehaaien komme in protte foar yn de Atlantyske Oseaan. “Lytsere eksimplaren wurde ek wol ris yn de Noardsee sinjalearre.”

De Amelanner haai is troch Rykswettersteat en it natuermuseum op It Amelân begroeven. “Hy leit no tydlik  ûnder de grûn, oant wy witte wat wy der mei dwaan moatte. Miskien wurde de resten wol foar ûndersyk brûkt.”

desimber 3, 2009 06:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.