Reboelje oer nij Fytspaad Surhuzum

desimber 15, 2009 07:05

De gemeente wol in fytspaad tusken it Langpaad en it Langfal by Surhuzum oanlizze. Dat is nedich omdat skoalbern oars oer in gefaarlike dyk fytse moatte. Dat soe foar in soad ûngelokken soargje. Pleatslik Belang Surhuzum, VVD en de FNP yn Achtkarspelen binne it net iens mei it trasee wat de gemeente wol.

Mar de gemeente kin net oars, neffens wethâlder Van der Wal. It nije trasee is neffens him feroare omdat in boer syn lân net ôfstean woe. It paad is no 400 meter langer wurden as pland wie. De partijen dy’t tsjin binne tinke dat der ek noch hiel oare oplossings binne om dochs in fytspaad oan te lizzen dat der logysk yn leit. Mar mocht der in nij trasee yntekene wurde, dan moat it rap. Tongersdei tekenet de gemeente in oerienkomst oer it nije fytspaad.

desimber 15, 2009 07:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.