Programma untsiferet botnetkoade

desimber 2, 2009 10:18

 

 

 

 

 

Kompjûtersaakkundigen fan de universiteit fan California hawwe in programma skreaun dat automatysk de fersleutele koade fan in botnet achterhelje kin. In botnet is in kolleksje fan software-robots, dy’t automatysk en selsstannich operearje kin. De term wurdt faak yn ferbân brocht mei net-winske software, mar ek mei in netwurk dêr’t in tal kompjûters mei-elkoar yn gearwurkje. In botnet hat oan in pear boadskippen oer en wer tusken de sintrale kompjûter en in yn it spul behelle kompjûter genôch.

Op in spesjale kompjûter folget it programma de ynformaasjestream yn de ûnthâldregisters by de kommando’s.  Mei help fan dizze sa neamde bufferdekonstruksje liedt it dêrnei de struktuur fan it kommunikaasjeprotokol en de funksje fan de komponinten yn de botnetkommando’s of. De kompjûtersaakkundigen slaggen der nei it ûntsiferjen yn te kringen op it MegaD-botnet, dat ferantwurdlik is foar ientredde fan de ‘spam’ op de wrâld. Se wiene dêrnei by steat de floed ‘spam’ fan MegaD yn te damjen mei sabotaazjeberjochten.

desimber 2, 2009 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.