Opslach fan waarmte foar nije huzen

desimber 26, 2009 10:13

It enerzjybedriuw Eneco sil yn de gemeente Gorichem 1400 huzen dy’t boud wurde sille, oanslute op waarmte-/kjeldopslach ( WKO). Yn de nijbouwyk Hoog Dalem ûntstiet neffens Eneco it grutste WKO-projekt fan Nederlân. De bewenners wurde eigner fan in waarmtepomp yn harren hûs en se kinne dy meibetelje yn de hypoteek. Se sille dêrtroch minder moannelêsten hawwe foar enerzjy. Eneco slacht sechtjin boarnen fan ûngefear 200m djip. Dêr is de temperatuer fan it grûnwetter frij konstant: om de 12 graden hinne. Dat wetter wurdt oppompt en kin yn de winter bydrage oan de ferwaarming fan de huzen en simmers kin it ynsetten wurde foar ôfkuolling.  De oannimmer leveret, sa’t de ferwachting is, it earste hûs yn Hoog Dalem, dat no noch in braaklizzend gebiet is, yn de rin fan it nije jier op.

desimber 26, 2009 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.