Nylhoars Tanja opsetten yn Artis

desimber 29, 2009 09:26

Nylhoars Tanja, dy’t yn de krystnacht yn Artis stoar, sil opsetten yn de bistetún weromkomme.
In wurdfierster fan de Amsterdamske dieretún hat dat moandei sein. It is net bekend wannear’t it lichem fan Tanja wer yn Artis te sjen is. It bist wie tige dierber by de besikers.
It stoflik omskot fan it nylhoars, dat 49 jier âld wurden is, is no yn de fakulteit genêskunde fan de Universiteit Utrecht. Dêr wurdt seksje ferjochte. Fersoargers lieten Tanja ier yn de moarn fan earste krystdei ynsliepe, omt se slimme pine hie troch hûdproblemen. De op 2 juny yn Artis berne Tanja wie mei har 49 jier heech op jierren.

desimber 29, 2009 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.