Nukleêre paus Elbaradei giet fuort

desimber 1, 2009 06:49

Direkteur-generaal Mohammed ElBaradei fan VN-atoomhiemhûn IAEA is snein 29 novimber neffens skema ôfgien. De 67-jierrige Egyptner tsjinne tolve jier as ‘nukleêre paus’ en krige foar syn wurk de Nobelpriis foar de Frede.
ElBaradei wurdt tiisdei troch de Japanner Yukiya Amano opfolge. De 62-jierrige Amano kriget in pear pineholledossiers te ferhakstûkjen, lykas de nukleêre programma’s fan Iran en Noard-Korea.

Amano wie fan 2005 ôf de Japanske ôffurdige by it IAEA en giet troch foar ekspert op it mêd fan kearnenerzjy en nukleêre ûntwapening. Dêrfoar wurke er op de Japanske ambassades yn Washington en Brussel. Hy is foar fjouwer jier beneamd.
De IAEA wekket sûnt 1957 út de Eastenrykske haadstêd Wenen wei oer it wrâldwiid freedsum brûken fan kearnenerzjy. De VN-organisaasje kontrolearret ek it neilibjen fan it non-proliferaasjeferdrach tsjin it fersprieden fan kearnwapens.

desimber 1, 2009 06:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.