Nije slûs IJmuiden yn 2016

desimber 9, 2009 08:39

Yn 2016 krijt de Amsterdamske haven de nije slûs by IJmuiden, dy’t de haadstêd al sa lang graach hawwe wollen hat. Ein ferline wike hawwe de oanbelangjende partijen dêr in konvenant foar tekene.

It oarspronklike plan wie om de Noarderslûs –  dy’t fan 1929 is – yn 2030 te ferfangen, wannear’t de slûs technysk oan syn ein is. De gemeente en de provinsje wolle lykwols earder in nije slûs hawwe, dy’t mei de ôfmjittings fan 500 by 65 by 18 meter (l x b x d), dêr’t no fan útgien wurdt, grutter wurdt as dat se earder fan doel wiene te bouwen. De grutste seeskippen sille straks ek skut wurde kinne. De nije slûs komt neist de hjoeddeiske Noarderslûs, al is it krekte plak noch net bekend. Begjin 2013 begjint de bou fan de nije slûs en oan de ein fan 2016 moat er klear wêze. Under de bou fan de nije slûs sil it farferkear gewoan yn de Noarderslûs skut wurde kinne. Oft dy slûs úteinlik ôfbrutsen wurde sil, is noch net bekend.

Saakkundigen rûze de kosten fan de nije slûs op goed sânhûndert miljoen euro, dêr’t de provinsje Noord-Holland en de gemeente Amsterdam in grut part fan betelje moatte. Ryk, provinsje en gemeente hawwe genôch jild byinoar brocht om sizze te kinnen fan ‘sicht op finansiering’, wat foar minister Eurlings in betingst wie om oan te jaan dat mei de planstúdzje úteinset wurde kin.

Neffens Eurlings is dit it earste ‘wiete’ PPS-projekt fan Nederlân. By de bou fan dizze nije slûs wurdt keazen foar de kontraktfoarm DBFM (design, build, finance, maintain), dêr’t de oannimmer yn in jierrenlang skoft ferantwurdlik is foar de bou, de beskikberheid en foar it ûnderhâld.

It Centraal Planbureau konstatearre yn 2005 yn in koste-/bate-analyse noch dat de kapasiteit fan de Noarderslûs heger is as oannommen wurdt en dat de groeisifers fan de Amsterdamske havens te roaskleurich binne. Wethâlder Ossel stelt lykwols dat de takomstige slûs in betingst is om de ûntjouwing fan de Amsterdamske haven yn de takomst sûn te hâlden. Neffens him sil de haven yn 2020 fiiftûzen banen ekstra opleverje.

desimber 9, 2009 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.