Rjochterlike misser en de polityk

desimber 1, 2009 21:44

De Albanese Kosovaar Ramo I hat yn 1994 TBS krigen nei’t er yn  Seelân in eigner fan in shoarmasaak fermoarde hie. Hy hie yn Kosovo ek al foar moard sitten. Omdat de grûn him dêr te hjit ûnder de fuotten waard, naaide er út nei Nederlân mei frou en bern. Ferline jier kaam der in ein oan syn TBS omdat er fierder yn Kosovo behannele wurde koe. Justysje miende dêroer wettertichte ôfspraken makke te hawwen. In moaie oplossing tochten se en it kostet Nederlân neat mear. Netwerk kaam der achter dat Ramo hielendal net behannele wurdt en as frij man omrint. Fan Kosovo út bedriget er no syn eks-frou en bern en har famylje. Saakkundigen achtsje de kâns grut dat er syn drigeminten yn dieden omset. Justysje jout ta dat se in ferkearde beslissing nommen ha mei it nei syn bertelân útsetten fan de man. No’t der gjin wei werom is wol de Twadde Keamer dat it weromstjoeren nei it eigen lân om dêr fierder behannele te wurden, fuortendaliks ophâldt.

It is goed dat wy in parse ha dy’t misstannen en bestjoerlike missers oan ’e kaak stelt. Net goed te begripen is dat yn de aktualiteitenprogramma’s yn sokke gefallen altyd deselde persoan opdrave moat om te roppen hoe’t Justysje wer mis west hat. Der moatte dochs mear wurdfierders yn de Twadde Keamer omrinne as de hear Teeven? Fansels mei hy syn sechje dwaan mar it is wol altyd itselde sankje en tige foarspelber. Sa wurdt in nijsprogramma degradearre ta in stikje propaganda foar in partij, yn dit gefal de VVD. Ek al hat de man hûndert kear gelyk, foar de objektivens soe it better wêze om ek ris oaren foar de kamera’s te heljen as der wer ris wat misgiet by Justysje. Der wurdt faak oer klage dat Hilversum sa links is. Troch Teeven altyd foar de kamera te slepen liket dat nochal ta te fallen.

Sjoch foar de reportaazje fan Netwerk http://player.omroep.nl/?aflid=10360568.

desimber 1, 2009 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.