Microsoft offensyf tsjin Google

desimber 2, 2009 04:40

Neffens de Financial Times is Microsoft yn petear mei News Corp. It giet om in plan dêr’t it mediabedriuw jild by krije soe om syn websiden út de Google-yndeks te heljen. De Financial Times seit ek dat Microsoft besiket om oare grutte mediabedriuwen mei harren ynternetaktiviteiten út de Google-yndeks te krijen.
News Corp. is it op ien nei grutste mediabedriuw op de wrâld. Neffens in ‘insider’ kaam News Corp. mei it inisjatyf. Benammen de kranten dy’t ferlet ha fan nije ynkomsten, binne wol nijsgjirrich nei it plan fan Microsoft. In ynternetútjouwer dy’t al troch Microsoft frege is seit dat de ynhâld “fan tige grut belang is as sykmasines foar de yndeksearring betelje wolle.”
Microsoft soe sa in oanfal dwaan op de ynkomsten fan Google, en tagelyk syn eigen Bing-sykmasine promoatsje.
Benammen New Corp. wie yn it ferline min te sprekken oer Google, dat neffens topman Rupert Murdoch jild fertsjinnet mei it ‘stellen fan kranteartikels’. Murdoch sei earder al dat er syn siden ûnsichtber meitsje woe foar Google. It bedriuw is al begûn mei plannen om syn ynhâld tsjin betelling oan te bieden oan de ynternetbrûker.

desimber 2, 2009 04:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas desimber 2, 07:59

    Ik tink dat google it wint fan microsoft.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.