Measten hjitte Soan fan Jan

desimber 4, 2009 06:53

It Meertens Instituut, dat de Nederlânske taal en kultuer ûndersiket, hat alle famyljenammen yn Nederlân op it ynternet publisearre. Op de webside www.meertens.knaw.nl/nfb kriget men troch famyljenammen yn te tikjen de fersprieding dêrfan oer it lân op kaartsjes te sjen. Fierder is der eftergrûnynformaasje oer nammen te finen, lykas oer de ‘nammemyte’ fan Napoleon: it wie net sa dat alle Nederlânske boargers pas yn it begjin fan de 19e ieu in famyljenamme oannamen, dat barde benammen op it plattelân fan Fryslân, Grinslân en Drinte en op ’e Feluwe. Dêr waarden oant dy tiid  noch in protte patronymen brûkt: efternammen ôflaat fan de foarnamme fan de heit, dy’t doe eltse folgjende generaasje wer feroare.

 Op de webside is ek in list te finen fan de 100 nammen dy’t it meast foarkomme (situaasje 2007),  dêr’t in protte media it boppeste rychje ienfâldichwei fan oernamen:

  1. De Jong, komt 86.534 kear foar, oarspronklik brûkt as bynamme om binnen in famylje in jongere fan in âldere mei deselde namme te ûnderskieden;
  2. Jansen, 75.698 kear, patronym fan de ropnamme Jan fan Johannes;
  3. De Vries, 73.152 kear, in namme dy’t ‘in Fries, immen út Fryslân’ betsjut.

Lykwols is der wat nuvers mei de list, want op nûmer 7 stiet noch in kear Janssen, no mei 2 x in s, mei nochris 55.394 fermeldings. Neffens de taljochting komt Jansen fan Janzoon en Janssen fan Janszoon, mar dat betsjut feitliks itselde, it ferskil is fansels net te hearren en men kin fan tinken wol ha dat der troch ferskriuwings samar in s bykomme of fuortfalle kin. Dat, sjit it ferneamde ynstitút hjir net wat troch yn wittenskiplike krektens? Binne Jansen en Janssen einliks net deselde nammen, lykas bygelyks Meijer / Meyer dy’t it Meertens Instituut wol byelkoar nimt en op 10 nûmer set? Yn dat gefal is Jans(s)en de efternamme dy’t fierwei it measte foarkomt. 

 jansen

Op de ôfbylding de fersprieding fan de namme Jansen (boarne: Meertens Instituut).

desimber 4, 2009 06:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.