KPN ferkeapet iPhones

desimber 6, 2009 11:24

Telekombedriuw KPN hat inkelde hûnderten simlokfrije iPhones ynslein om oan trouwe klanten te sliten. Offisjeel is it tastel yn Nederlân allinnich te krijen fia T-Mobile.

Neffens Steve Hufton fan KPN binne de tillefoans ornearre foar trouwe klanten dy’t graach sa’n populêre smartphone ha wolle.
“Ast sjochst nei de smartphonemerk is de iPhone in tastel dat in soad ferkocht wurdt. Wy ha in beheind tal iPhones oanskaft, want KPN wol syn trouwe klanten temjitte komme”.

Hufton wol net yngean op berjochten dat it bedriuw ûnderhannelje soe mei Apple oer de ferkeaprjochten fan ’e iPhone. Yn in protte lannen hie Apple lykas yn Nederlân tenearsten ien eksklusive oerienkomst mei ien telekomoanbieder, mar it allinnerjocht is yn in soad lannen ûnderwilens wer ferdwûn.

desimber 6, 2009 11:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.