Tiemersma hâldt op mei skriuwen

desimber 26, 2009 12:20

Skriuwer Koos Tiemersma hâldt op mei skriuwen. Tiemersma hat bekende boeken skreaun lykas de Ljedder, de Mjitte, it liet fan de Ibis, Mind games en ûnder wetter.
Les hjirûnder syn blogberjocht.

Punt
Kryst 1999. Ynienen hie ’k in moai idee foar in ferhaal. Daalks bin ’k út ein set en sa waard ‘Job – in alter’ de start fan myn Fysktalige skriuwerij. Ik wûn der fuort in Rely Jorritsma-priis mei, wat ik opfette as in sinjaal ris troch te pakken en te dwaan wat ik al langer yn ’e holle hie: in boek skriuwe.

Underwilens binne wy tsien jier, fiif boeken en twa folle plakboeken fierder. Yn dy tsien jier ha ’k in soad wille hân, net allinnich mei it skriuwen sels, mar ek mei alle aktiviteiten dêromhinne: de optredens, faak mei muzyk fan de treflike Ernst Langhout & Johan Keus; in literêr festival yn Litouwen; lêzings yn en bûten de provinsje; yn ’e regel goede kritiken; radio, televyzje, sels it 8 uur-journaal (!); de earste Rink van der Velde-priis; it skriuwen fan it boekewikegeskink (Mind Games) en wat al net mear. De skriuwerij brocht my rûnom yn ’e kunde mei alderhanne lêzers en oare ynteressearren, folle net genôch.

Lykwols, út en troch reagje ik de brot oan ’e kant om mysels wer ris op ’e nij út te finen. Sa ha ’k dat dien mei de sport, de muzyk en no dus mei de skriuwerij. Al in pear jier ferlyn ha ’k besletten mei de tiid in punt achter myn bydrage oan de Frysktalige skriuwerij te setten. Nó dus. De wat tûkere lêzers hiene, sa murk ik út de reaksjes, al nei it lêzen fan ‘Under wetter’ troch dat dat myn lêste boek wêze soe. Ik hie it der dan ek frij dik boppe-op lein troch de titel, it ferhaal en fansels it foaropskrift, in sitaat fan (de troch my tige bewûndere) Hessel Miedema, in sin dy’t er opskreau doe’t er in punt sette achter syn karriêre yn de Frysktalige literatuer.

De reden dat ik de Fryske pinne oan de wylgen hingje? Oan ’e taal leit it yn alle gefallen net. It Frysk is in prachtich stikje ark dêr’t je fan alles mei útdrukke kinne. Wat it dan is? Dat is simpel: ik bin der klear mei. Ik ha net lui west, altyd aktyf oeral oan meidien en dan komt mei de tiid it gefoel dat je alles wol sa’n bytsje sjoen hawwe. No bin ik as de dea mysels te herheljen, boppedat mei ik graach de regy yn eigen hân hâlde.

By it skriuwen ha ’k besocht net hieltyd itselde boek te skriuwen. Altyd oars: oare toan, oar ûnderwerp, oare lokaasje, oare tiid. Fansels is dat út kommersjeel eachpunt net sa handich. De lêzer fan Fryske boeken is sljocht mei ferhalen tsjin in leafst agrarise achtergrûn, moai wat humor en dan spyljend yn in tiid dy’t achter ús leit. Dêr is neat, mar dan ek neat mis mei. Allinnich, sa’n skriuwer woe en wol ik net wêze. Myn earste boeken (‘De ljedder’ en ‘De mjitte’) foldiene oars kreas oan dy kwalifikaasjes, dus dat wie moai meinommen. Letter (‘It liet fan de ibis’) skreau ik oer aktuele ûnderwerpen, ek om te besykjen wat jongere generaasjes te ynteressearjen. Sa ha ’k bygelyks ‘Under wetter’ bewust skreaun yn geef, mar wol tagonklik Frysk. Ik seach trouwens dat Jetske Bilker yn de LC fan 24 desimber it boek op it earste plak set hat yn de list fan yn 2009 ferskynde boeken dy’t je net misse meie: geweldich! As dat net stopje op it hichtepunt is, dan wit ik it ek net mear…

It lestige lykwols is dat lanlike ferskynsels as ûntlêzing en in minder draaiende ekonomy by it Frysktalige boek dûbel sa hurd oankomme. Foegje dêroan ta de swakke posysje fan it (skriftlik) Frysk en dan is it maklik te ferklearjen hoe’t it kin dat de jongere generaasjes der domwei net binne as it om it lêzen fan Frysktalige boeken giet. It is net de wichtichste reden om dermei op te hâlden, mar sa’n literêr klimaat is net ynspirearjend en soks wurket op de achtergrûn dochs wat mei.

Dizze side sil der ek oan leauwe moatte, al lit ik de keale ferzje (dus sûnder guon rubriken, lykas dizze) noch wol in skoftke stean foar dejingen dy’t wat ynformaasje sykje.

Ik tankje elk dy’t my op watfoar manier ek stipe hat, yn it bysûnder Jelma Knol, dy’t my fan it begjin ôf begelaat hat en my wiisde op de tekoartkommings yn myn manuskripten; Teake Oppewal, dy’t ik yn ’e tún fan it FLMD oerfoel mei myn earste manuskript en dy’t my paadwiis makke yn it literêre lânskip; en fansels de froulju fan it Fryske Boek, dy’t sa’n soad betsjut hawwe foar de promoasje fan myn wurk.

Sa. Ik tink dat alles wol sa’n bytsje sein is. Ik winskje jim allegear in bysûnder goed 2010 ta mei noch in soad (literêr) fermaak en einigje mei Hessel Miedema syn famous last words dêr’t ‘Under wetter’ mei ynset:

– Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân siz mar –

Punt.

Boarne: http://www.froonakker.nl

desimber 26, 2009 12:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erik jannewaris 3, 21:07

    Spitich, ik hie graach noch wol in boek fan him lêze wold.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.