In bytsje mear frede op ierde

desimber 16, 2009 13:02

Konfliktbarometer: wrâldwiid mear konflikten, mar minder oarloggen

De wrâld is der dit jier in bytsje frediger op wurden. Alteast, dat docht bliken út ûndersyk fan it Heidelberg Ynstitút foar Ynternasjonaal Konfliktûndersyk (HIIK). It tal oarloggen yn de wrâld naam ôf fan njoggen yn 2008 oant sân dit jier. Der wiene wrâldwiid ek minder swiere konflikten.

Mei harren saneamde Konfliktbarometer registrearren de Dútske ûndersikers dit jier yn totaal 365 konflikten, tolve mear as ferline jier. Dy tanimming is yn ferhâlding, want it oergrutte part dêrfan is net (mear) gewelddadich of hat mar út en troch mei geweld te krijen, neffens it ûndersyk.

 

 Krusjaal yn it optimisme fan it Heidelberg Ynstitút is it ôfnimmen fan it tal oarloggen (fan 9 nei 7) en tige gewelddadige konflikten (fan 39 nei 31). Oer de sân oarloggen sizze de ûndersikers:

“Fjouwer fan de sân oarloggen binne ek al op inselde intensiteitsnivo útfochten yn eardere jierren: Afghanistan (Taliban), Somalië (islamistyske groepearringen) en Sri Lanka binne alwer fjouwer jier yn oarloch, wylst de oarloch yn Pakistan tusken islamityske militanten al trije jier duorret. De oare trije oarloggen, te witten Israël (tsjin Hamas/Palestina), wer Pakistan (Taliban tsjin lokale stammen) en Jemen (al-Houthi), waarden yn 2008 noch kwalifisearre as tige gewelddadige konflikten. De eskalaasje dêrfan ta oarloggen jout dus in yntinsivearring oan fan it besteande massale geweld.”

Al mei al is it tal konflikten sûnt de twadde Wrâldoarloch wol hieltyd grutter wurden. Dat doch bliken út dizze grafyk:

desimber 16, 2009 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.