Hiv-poppen wurde behannele

desimber 3, 2009 06:50

Alle mei hiv besmette lytse bern fan minder as in jier âld sille behannele wurde foar it firus. Froulju dy’t yn ferwachting binne, krije yn de tiid fan harren swierwêzen earder medyske soarch om foar te kommen dat se it oerdrage op it bern. Dat makke presidint Jacob Zuma tiisdei, doe’t er in taspraak hold op Wrâld Aids Dei, bekend, sa berjochte de BBC. De maatregels geane fan april ôf yn wurking.

Zuma hie it oer it begjin fan ‘in tiidrek fan iepenens’ en trune de Súd-Afrikanen oan om harren bloed teste te litten. Zuma sei dat er himsels yn it ramt fan in oerheidskampanje ek teste liet, al wist er út eardere testen wol wat syn eigen status wie.

De Feriene Steaten hawwe Súd-Afrika stipe tasein by it bestriden fan aids. Washington jout 80 miljoen euro foar it keapjen fan medisinen.

De speech fan Zuma markearret in dúdlike trendbrek mei syn foargonger Thabo Mbeki, waans regear it ferbân tusken hiv en ais ûntkende. Fierders suggerearre it regear fan de eardere presidint dat de genêsmiddels foar hiv fergiftich wêze koene. Neffens kritisy is Mbeki ferantwurdlik foar 300.000 stjergefallen troch aids, omdat er net fluch genôch medisinen beskikber steld hie.

Sa’n 5,2 miljoen ynwenners fan Súd-Afrika binne besmet mei it hiv-firus. Dêrmei is Súd-Afrika it lân mei de measte besmettings yn ’e wrâld. It Súd-Afrikaanske regear rûst dat der fan ’t jier goed 410.000 nije ynfeksjegefallen by komme. Dêr binne hast 60.000 bern by. Yn Súd-Afrika binne troch aids sa’n 1,4 miljoen weesbern.

desimber 3, 2009 06:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.