Grôtfol Macau wreidet wer út

desimber 4, 2009 07:30

Ien fan de meast tichtbefolke gebieten yn ’e wrâld, de eardere Portugeeske koloanje Macau, begjint wer mei it oanwinnen fan lân. It Sineeske regear hat dermei ynstimd dat Macau 360 hektare lân oanmakket dêr’t no noch it seewetter tsjin de kusten slacht. Dat stie te lêzen yn The South China Morning Post út Hongkong, dat tichteby leit.

It ynpolderplan wurdt nei hast fjouwer jier fan plannemakkerij en diskusjes lang om let in bouprojekt. Macau hat sûnt it yn 1999 ûnder de hearskippij fan Peking kaam, in foarm fan selsbestjoer, mar oer de wetters der omhinne kediist de sintrale Sineeske oerheid. Yn de tweintich jier dy’t efter ús lizze, hat it territoarium navenant gâns lân wûn op ’e see.

De plannen jouwe 12 prosint mear oerflakte oan as it no 29 kante kilometer grutte ynternasjonale goksintrum, dat in grutter ynkommen út kasino’s hat as Las Vegas. It is ien fan de rykste stêden op ’e wrâld. Macau hopet benammen wenten te bouwen op it nije lân. De stêd rûst dat der yn de kommende tweintich jier 100.000 ynwenners by komme. Op it stuit hawwe it skiereilantsje Macau en twa einlantsje dy’t der by hearre, al 550.000 ynwenners.
Portugezen setten harren mei ynstimming fan de Sinezen yn de sechtsjinde ieu yn Macau nei wenjen. Yn de santsjinde ieu besochten Hollanners hieltiten wer om it te feroverjen. Yn 1887 waard it in Portugeeske koloanje en dat bleau it oant de ein fan de tweintichste ieu.

desimber 4, 2009 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.