Gjin taalbaas

desimber 9, 2009 16:48

“Ik bin foarearst noch de iennige taalkundige dy’t fynt dat we sûnder offisjele spelling kinne; net ien is it mei my iens.” Dat seit Hans Bennis, direkteur fan it Meertens Instituut en bysûnder heechlearaar Taalfariaasje oan de Universiteit fan Amsterdam. Neffens him is it in griis dat der sa’n soad omtinken oan it korrekt staverjen jûn wurdt. Hy hâldt him leaver mei de dynamyske eigenskippen fan taal dwaande: “De sprutsen taal kin him ûntwikkelje omdat der gjin taalfoarskriften binne. Der is lokkigernôch gjin baas fan de sprektaal en dus hoecht der om my ek net ien fan de skriuwtaal te wêzen.“It folsleine ynterview is yn it Flaamske tydskrift Over taal (pdf) te lêzen.

Boarne: Taalpost 948

desimber 9, 2009 16:48
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Bauke Miedema desimber 10, 18:01

    Jierrenlang wie ik learaar, mar net heech.
    Wat ha ik faak tocht wat dizze heechlearaar ûnder wurden bringt.
    Generaasje op generaasje wurdt pleage mei in stavering fan
    wurden dy ‘t net oanslút bij sa ‘t we prate.
    Wat wurdt dêr in tiid oan ferskiten !
    Ik tink dat een referindum hjiroer , elts hat der mei te meitsjen,
    de man wol ris gelyk jaan kin.
    Mar gelearde minsken fine de demokrasy faaks te weardefol
    om oan it folk oer te litten .

  2. Lútsen Bakker desimber 18, 14:50

    In bytsje ôfwaaid praat fyn ik it, fan dizze twa hearen. In offisjele stavering hat syn nut, want elke mûle praat wer justjes oars, dus skriuwe neffens útspraak soe in grutte gaos jaan. Sjoch nei de stavering fan de wrâldtaal Ingelsk. Nuver, dat sa’n fier fan de útspraak lizzende skriuwwize gjin oanlieding jout ta grutte swierrichheden. Of binne Ingelsktalige bern yntelliginter? Of soe it sa wêze, dat masters en juffen dêre betûfter binne yn harren fak? In fêststeande stavering stiet likemin fernijing fan de taal yn de wei, wat in apekoal om soks út te hâlden. Taal lûkt him neat fan stavering oan. En der soe yn de sprektaal gjin regel hearskje? Ek net wier. Nije taal ûntjout him ek fia wetten, wetten fan kreativiteit, skeppingskrêft. Lokkich is dy krêft net út te rûpeljen. Nee hearen, it is tige praktysk en needsaaklik foar in sivilisaasje dat der in offisjele stavering is.
    Lútsen

  3. Bauke Miedema desimber 19, 16:59

    Noch wat ôfwaaid praat en apekoal foar Lútsen.
    At de bêste man efkes googele hie oer “difficulties
    orthography English” dan hie der sjen kinnen dat de
    swierrichheden mei stavering ôfgryslik great binne
    yn het Ingelsk.
    Wat tichter oanslute mei stavering bij útspraak soe
    in protte tiid frijmeitsje op skoalle.
    Frysk jout in goed foarbyld : demokrasy, offisier,amtner.
    Opskriuwe sa ‘t it justjes út de mûle rôlet.
    Ik leau net dat ús sivilisaasje derûnder lit.
    De fingerkes trilje mij boppe de toetskes,
    Ha”k wol goed stavere ?

  4. frank desimber 19, 22:29

    Stavering is de grûnslach fan skriftlike kommunikaasje. It begripen fan wat in oar skriuwt. In prinsipe dat al libbet sûnt de earste rotstekeningen. Dan is it ek wol handich dat men wit wat de oar bedoelt. It is de miening fan in taalwittenskipper, en dy stean wol faker fier fan de realiteit ôf. Hjoed de dei hat eltse taal in bepaalde noarm. My tinkt net dat in bedriuw immen oannimt dy’t net oan de noarm foldocht. Alhielendal yn offisjele dokuminten, dy’t gauris fan finansjeel aard binne! Dêr wol ik graach dúdlike ôfspraken ha, dy’t net op it stik fan taal diskutabel binne. Sels bin ik bêst tefreden mei de Fryske stavering. En ik leau ek wol dat in stavering net foar de folle hûnder persint oerienkomme hoecht mei de útspraak. It Ingelsk hat seker ek gjin minne stavering. Boppedat bliuwt it oardiel oer in goede/minne stavering subjektyf.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.