Gaos op klimaatkonferinsje

desimber 16, 2009 22:28

Yn Kopenhagen is de gaos kompleet. Der bin folle mear kaarten útjûn as dat der plakken binne yn it Bella Center, dêr’t de klimaattop holden wurdt. Mooglik tochten de Denen dat dy lang net allegearre brûkt wurde soenen, mar eltsenien wol by dizze gearkomste wêze, dy’t ommers miskien wol ris beskiedend wêze kin foar de takomst fan it minskdom. Kaarten binne wer ynlutsen, in protte sjoernalisten komme der net yn, delegaasjes meie mar foar de helte nei binnen en maatskiplike organisaasjes moatte nei in oar plak yn ’e stêd útwike. 

Tagelyk litte de aksjefierders bûtendoar harren hieltyd lûder hearre. Der bin rellen en arrestaasjes. Guon aksjefierders wolle út frustraasje kongresgongers der fan wjerhâlde om nei binnen te gean of ferhinderje dat se freed nei hûs ta geane as der dan noch gjin akkoart is.

de_boer_yvo_sb30188

De meast problematyske gaos hat te krijen mei de ûnderhannelings dy’t al oardel wike lang net produktyf binne. Der wurdt einleas debattearre oer prosedueres en oer bygelyks in wurdsje as ‘shall’ (= sil) ynstee fan ‘should’ (= soe). De klimaatsjef  fan de Feriene Naasjes, de Nederlanner Yvo de Boer, sei hjoed dat de dielnimmers it oan ’e ein fan de konferinsje oer fjouwer essinsjele kwestjes iens wêze moatte:

  1. Hoefolle wolle de yndustrialisearre lannen harren broeikasgasemisjes redusearje?
  2. Hoefolle wolle de wichtige lannen yn ûntwikkeling, lykas Sina en Yndia, dwaan om de groei fan harren emisje te beheinen?
  3. Hoe finansiere wy de needsaaklike help oan ûntwikkelingslannen om harren emisjes te ferminderjen en harren oan te passen oan klimaateffekten?
  4. Hoe wurdt dat lêstneamde jild berêden?

Freedtejûn moat de wrâld it dêr oer iens wêze, mar de belangen fan de trije groepen lannen lizze bot útinoar. Meidat de amtners ferline wike al net opskeaten en de miljeuministers der oant no ta ek net útkamen, sille de regearingslieders, dy’t no arrivearje, der mei rêde moatte.

desimber 16, 2009 22:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.