Te hege ôfreispreemje Unicef-topman

desimber 3, 2009 06:47

Donateurs fan Unicef Nederland binne lilk oer de tonnen dy’t topman Henk Franken krige neidat er opstapt wie. Hy krige fan Unicef 350.000 euro mei. Unicef Nederland is dêr ek net bliid mei. De âld-topman krige foar ien kear twa ton útkeard en dêrnei noch in pear moanne salaris. Mei-inoar krige er 350.000 euro.

Yn de krante sprieken donateurs en frijwilligers skande fan de regeling fan de VN-berne-organisaasje. In wurdfierder fan Unicef neamt it ‘tige ferfelend’, omdat it jild oan bern út earme lannen bestege wurde kinnen hie.

desimber 3, 2009 06:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.