Beukerjuffrou net bliid mei wurk

desimber 3, 2009 06:53

Beukerjuffers fine it wurk net mear aardich. Hja komme yn opstân tsjin de Cito-toetsen, learmetoaden en de tanimmende druk op de beukers. Goed 350 beukerjuffers dienen mei oan in ûndersyk; njoggentich prosint fynt dat it ûnderwiis oan de lytskes te skoalsk wurdt. Út  it ûndersyk komt nei foaren dat de juffers it ûnderwiis te saaklik fine. “It boartlike giet derút, it muzikale ek. It wurdt allegearre hieltyd mear op prestaasje rjochte. Muzyk is in belangryk ûnderdiel, as jo de bern wat nijs leare wolle. Beukers meie net beukers mear wêze, blykt út de peiling.”

Ien fan de juffers dy’t enketearre is fersuchtet: “eartiids hoegden de bern yn de beukerklasse har namme noch net  skriuwe te kinnen. No moatte de beukers al fyftjin letters kenne; de letters fan har namme en in pear oare derby. Ik besykje it boartlik te hâlden, mar it is hieltyd mear: oefenje, oefenje, oefenje.”

Mear as de helte fan de juffers dy’t enketearre binne,  fynt dat de faak oanrekommandearre wurkblêden en lesmetoaden yn de beukerklassen net bydrage oan goed ûnderwiis. Se wurde soms allinne brûkt omdat it moat. It brûken fan de Cito-toets giet net fan herten.

De plenning stiet in hiel soad juffers ek tsjin. “Der steane wilens dikke mappen op myn buro. Ik tink wolris: dit is in beukerklasse, gjin administraasjekantoar”, reagearret ien fan harren.

desimber 3, 2009 06:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Skelte desimber 4, 02:21

    en wat fûnen de beukermasters?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.