Tal bern yn DNA-databank ferdûbele

desimber 9, 2009 08:40

It tal bern dat yn de lanlike DNA-databank opnommen is, is yn oardel jier tiid ferdûbele. Alles mei-inoar binne no DNA-profilen fan tolvetûzen bern yn de databank opnommen en der komme hieltyd mear yn, seit de organisaasje Defence for Children. De organisaasje krige de sifers fan it Nederlands Forensisch Instituut nei in berop op de wet iepenbierheid fan bestjoer.

Wa’t in oertreding begiet dêr’t fjouwer jier sel foar oplein wurde kin, moat altyd DNA foar de databank ôfstean. Dat jildt ek foar bern fan tolve jier ôf. Yn de mearderheid fan de gefallen wurde de bern neffens Defence for Children foar lichte oertredingen lykas in fjochtpartijtsje of in brantsje stichtsje yn de databank opnommen. “Yn teory kin foar brânstichtsjen in flinke selstraf jûn wurde, mar yn de praktyk falt it faak ta en wurdt der allinne in taakstraf oplein”, seit in wurdfierder.

De organisaasje is net altyd tsjin opname fan bern yn de databank. “Beruchte rêddraaiers en bern dy’t earnstige oertredings begeane, moatte fansels yn de gaten holden wurde.” Neffens de wurdfierster wol de organisaasje graach dat in rjochter of in offisier fan justysje by bern in ôfwaging makket oft se wol of net yn de databank opnommen wurde moatte.

De databank befettet yn totaal 91 tûzen DNA-profilen.

desimber 9, 2009 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.