Ballonfeest de Jouwer kin grutter
Resint ferskynd
It bestjoer fan de Fryske Ballonfeesten mei wol wat ambisjeuzer wurde, is de miening fan sponsors en bedriuwen dy’t de feesten yn de takomst faaks stypje wolle. Dat die tongersdei 26 novimber bliken doe’t op De Jouwer in spesjale sponsorjûn holden waard. Dy jûn, dêr’t trijetûzen útnoegings foar ferstjoerd wiene, kamen sa’n fyftich minsken op ôf.
“Wy binne oer de opkomst net ûntefreden”, fertelt foarsitter Gert van der Wiel fan it bestjoer fan de Fryske Ballonfeesten. “Tritich minsken hiene har foarôf oanjûn en úteinlik sieten der fyftich yn de seal.” Njonken de bedriuwen dy’t al sponsor binne hie it bestjoer ek bedriuwen útnoege dy’t de feesten faaks yn de takomst stypje wolle.
Op de spesjale sponsorjûn kaam oan it ljocht dat it bestjoer neffens nochal wat sponsors in foarsichtich programma oanbiedt. “Dat hat fansels mei it jild te krijen en mei wat wy besteegje kinne”, leit Van der Wiel út. “Dochs mei it wol wat ambisjeuzer, tinke guon.” By de jubileumedysje fan 2010 wurdt yn alle gefallen flink útpakt. It kin wêze dat de hynstedei op tongersdei weromkomt en it is sa goed as wis dat freeds de highlandgames holden wurde, in soarte fan kriich om de sterkste man.
Van der Wiel achtet it net útsletten dat de 26e edysje fan de Fryske Ballonfeesten neffens in nij konsept organisearre wurde. “Dêr moatte wy it yn it bestjoer noch oer hawwe.” De jubileumedysje fan de Fryske Ballonfeesten wurdt takomme jier fan woansdei 28 july oant en mei snein 1 augustus holden.
Boarne:Skarsterlânnijs
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje