Baaskes yn de rige foar Yester

desimber 10, 2009 06:54

It sil allegearre goed komme mei de ûngelokkige teckel Yester. By it bisteopfangsintrum Amsterdan (DOA) hawwe harren yn koarte tiid al mear as hûndert potinsjele baaskes melden.

De Telegraaf waard ek oerladen mei bisteleafhawwers dy’t it ôfgryslik fûnen wat it teckeltsje allegear oerkaam is. Hja wolle him graach in nij en feilich thús jaan. Ferline wike waard it hûntsje yn in tige fersmoarge bench oantroffen . Yester wie meager, ferwaarleaze en siet mei in bekbân om yn in koai. It rêchje wie alhiel iepen troch in allergyske reaksje. “It giet no al wer in stik better mei him. It is in fleurich en leaf hûntsje, nettsjinsteande alle ellinde dy’t er meimakke hat”, seit wurdfierster Marion Agema.

Troch syn chip te lêzen, kaam it asyl der efter dat it net de earste kear wie dat Yester sa ferwaarleaze efterlitten is. Yn 2006 kaam it him al earder oer.

De fersoargers fan Yester sille no sekuer besjen watfoar adressen yn ‘e beneaming komme om de teckel it libben te jaan dat er fertsjinnet.

desimber 10, 2009 06:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.