Amerikanen lilk op Idolstjer Lambert

desimber 1, 2009 06:47

Seis jier lyn dienen Britney en Madonna it al op ’e MTV Video Music Awards; ôfrûne snein wienen it American Idols-stjer Adam Lambert en syn eftergrûnsjonger. De twa manlju hienen yn in koarte tiid Amearika op ’e kop.

De homoseksuele Lambert kaam by de American Music Awards foar it fuotljocht, dêr’t er syn debútsingle ‘For your entertainment’ song. Underwilens naam er mei syn eftergrûnsjonger in seksstantsje oan en joegen se inoar in tút op ’e mûle.

Mear as 1500 Amearikanen dy’t de sjo sjoen hawwe, binne oerstjoer oer wat der bard is tusken de beide manlju en ha dêr oer klage, berjochte de BBC tiisdei. Ek de Parents Television Council is tige lilk, om’t hja tsjin oanstjitlike televyzje binne.

Produsinten fan de sjo wolle gjin kommentaar jaan oer wat der bard is. Adam Lambert docht der sels in stik makliker oer. Neffens him is de opskuor in foarm fan diskriminaasje en soks is tige slim. “Ik ha in soad wille hân, myn dûnsers hawwe in soad wille hân en it publyk hat in soad wille hân’’.

Boarne: Algemien Deiblêd

desimber 1, 2009 06:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.