Aksje tsjin bûnt

desimber 11, 2009 06:51

Bistebeskermingorganisaasje Bûnt foar Bisten begjint in kampanje tsjin de aloan mear opkringende bûntkragen. De organisaasje docht in berop op alle boargers, skoallen en winkellju om de fergese poster tsjin bûnt foar de ruten, yn de etalaazje, yn de kantine of op in oar sichtber plak te hingjen.
Eltsenien kin dizze fergese poster bestelle fia www. Bontvoordieren.nl. Der is kar út trije foarbylden.

Claudia Linssen, haad fan de Bûnt foar bisten: Begjin jierren tachtich kaam der in ein oan de ieuwenlange sûnder mis te fersteane posysje fan de bûnthannel. Minsken út Nederlân waarden der mear en mear fan oertsjûge dat der bisteleed mei it bûnt ferbûn wie en sleaten dêrom harren doarren fan de bûntwinkels. De bûntyndustry besiket no as in wanhoopsoffinsyf it bûnt wer ûnder de minsken te bringen. Mei bûnt ferwurke yn kragen, manchetten en oan tassen. Se wolle har graach rjochtsje op de jongelju. Mei dizze kampanje wol Bûnt foar bisten de jongelju konfrontearje mei dit grutte lijen.

Bûnt foar bisten fiert kampanje en lobby om de produksje en hannel yn bûnt ferbean te krijen. By harren kampanjes wit de organisaasje him foaral stipe troch bekende nammen lykas Georgina Verbaan, Henny Huisman, Vincent Bijlo, Marian Mudder, Karen van Holst Pellekaan en noch folle mear.

desimber 11, 2009 06:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.