53-jierrige Brit eksekutearre yn Sina

desimber 30, 2009 09:06 Fernijd

 

In 53-jierrige Brit is tiisdei eksekutearre, nettsjinsteande fersiken fan de Britske oerheid om de straf net út te fieren. Dat makke de Britske premier Gordon Brown bekend.
‘Ik kar de ekskekúsje fan Akmal Shaikh yn it algemien ôf en bin ûntset en teloarsteld dat ús oanhâldende fersiken foar kleminsje net ynwillige binne’, sa seit Brown yn in ferklearring.
It Sineeske steatsburo Xinhua melde dat Shaikh mei in ynjeksje om it libben brocht is yn Urumqi, de haadstêd fan de westlike regio fan Xinjiang. In wurdfierder fan it Sineesk ministearje fan Bûtenlânske Saken sei dat de eksekúsje folslein neffens de wet wie. Oer de Britske feroardieling fan de eksekúsje is Sina net te sprekken. ‘Wy hoopje dat de Britten de saak op in earlike wize besjogge en gjin nije tûkelteammen opsmite sil foar de Sinees-Britske relaasjes’, sa seit de wurdfierder.

 

In lêste kear besykje
It is foar it earst yn fyftich jier dat in ynwenner fan de Europeeske Uny yn Sina eksekutearre is. Shaikh, dy’t út Londen komt, waard yn oktober 2008 nei in proses fan in healoere ta de dea feroardiele, om’t er yn 2007 mei fjouwer kilo heroïne yn in koffer fan Taddzjikistan nei Urumqi yn de westlike provinsje fan Xinjiang reizge wie.
Londen besocht moandeitejûn noch in lêste kear Shaikh te rêden om’t er geastlik siik wêze soe. Neffens syn famylje wie Shaikh nei Sina lokke troch twa manlju dy’t him in karriêre yn de popmuzyk foarspegele hienen. De minskenrjochte-organisaasje Reprieve seit dat Shaikh oan waantinkbylden litte.

Knyntsje
Shaikh soe op ’e drift rekke wêze nei’t syn houlik yn 2001 misrûn. Hy leaude neffens Reprieve dat er de wrâld rêde koe mei syn ferske Come little rabbit (kom lyts knyntsje). Twa Britten ha him yn Poalen holpen it ferske op te nimmen. Hy libbe yn Poalen op strjitte en hie gjin wurk.

It Sineesk gerjochtshôf stelde dat it bewiis foar de mentale sykte ‘net foldwaande’ wie, wêrmei’t it paad nei de eksekúsje frijmakke waard.
De deastraf wurdt yn Sina noch in soad útfierd. Neffens minskenrjochte-organisaasje Amnesty International waarden yn 2008 mear as 1700 minsken yn de Folksrepublyk eksekutearre. Hast trije kwart fan alle eksekúsjes yn de wrâld wurde yn Sina útfierd.

It ferske fan Akmal Shaikh:

desimber 30, 2009 09:06 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.