2009 ek al wer te waarm

desimber 29, 2009 22:36

IMG_1110

It jier 2009 begûn en einiget mei winterwaar. Falt it dan dochs wat ta mei de klimaatferoaring? It KNMI helpt ús gau út ’e dream. Jannewaris 2009 wie de kâldste foarmoanne sûnt it Alvestêdetochtjier 1997, mar dêrnei folgen 10 moannen mei in hegere trochsneedtemperatuer as wenstich. It wie efterinoar it trettjinde waarme jier – yn De Bilt yn trochsneed likernôch 10,5 ˚C wylst de langjierrige trochsneedtemperatuer dêr 9,8 ˚C  is – en it KNMI omskriuwt it as o sa sinnich en frij droech. De, wat it waar oanbelanget, wichtichste wapendieden fan 2009 binne:

  • April wie mei in trochsneedtemperatuer fan 12,2 ˚C, tsjin gewoanwei 8,3 ˚C, de op ien nei sêftste gersmoanne sûnt it begjin fan de mjittings yn 1706!
  • De maitiid waakste dêrnei út ta de op ien nei waarmste yn in goed ieu.
  • De simmer wie ‘allinnich’ mar de njoggende yn in net ûnderbrutsen rige waarme simmers,
  • mar de hjerst kaam op in dield tredde plak by de sêftste fan 1901 ôf,
  • en novimber wie mei in trochsneedtemperatuer fan 9,5 ˚C, tsjin ornaris 6,2 ˚C, de op ien nei sêftste slachtmoanne yn trije ieuwen!

 Dat, 2009 brekt krekt gjin rekôrs, mar sit wol by de topskoarders yn it útsuteljen fan hjitte.

temp2009

 Boarne: KNMI

desimber 29, 2009 22:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.