Ynternetwinkels mei iDEAL foar in part ûnfeilich
Resint ferskynd
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de measte ynternetwinkels dy’t de betelmethoade iDEAL oanbiede, ûnfeilich binne. It giet om 88 persint fan yn totaal 13.607 ynternetwinkels, beweart Networking4all, oanbieder fan befeiligingssertifikaten.
De betelmethoade iDEAL is dan wol feilich, mar de hannelingen yn de ynternetwinkel sels moatte ek befeilige wurde. Dat wurdt faak fergetten. Mar leafst 11.980 winkels stjoere troch klanten ynfolle ynformaasje oer in ûnfeilige ferbining. Yn 2007 wiene dat noch 5.209 en yn 2008 8.578. Dizze groei hinget gear mei it tanimmen fan it tal ynternetwinkels dy’t de betelmethoade iDEAL oanbiede. Yn persintaazjes fan it totaal oantal iDEALwinkels wurdt de feiligens relatyf better. Yn 2007 gyng it om 93% ûnfeilige ynternetwinkels; yn 2009 om 88%.
Networking4all hat de websiden wiidweidich analysearre. Sa binne alle websiden dy’t op de webside fan iDEAL en Thuiswinkel.org neamd wurde, ûnder mear kontrolearre op de krekte SSL-sertifikaten, ynternetwinkels op eksterne pagina’s der ek yn meinommen. Dêrneist is ek kontrolearre op mooglike subdomeinen by alle websiden, omdat geregeld ynternetwinkels bûten de haadpagina werjûn wurde. As lêste is besjoen oft der applikaasjes mei software oanwêzich binne dêr’t alle persoansynformaasje fia in sintraal ôfhannelingssysteem troch behannele wurdt.
Wa’t sels neigean wol oft in webwinkel feilich is, kin de url yntype op www.isdezesiteveilig.nl.
Ynternetwinkels freegje jild foar iDEAL
Likernôch 4 persint fan alle ynternetwinkels lit de klant foar iDEAL betelje. Dat docht bliken út ûndersyk fan Currence, de eigner fan iDEAL. Currence is der net bliid mei wat guon ynternetwinkels dogge. De winkellju hawwe frege om in goed betellingssysteem op it ynternet. No’t dat der is sille guon de kosten yn rekken bringe. Dat hawwe wy earder ek sjoen by de PIN-betellingen, dêr’t guon winkellju by lytse bedraggen kosten yn rekken brochten. De bedriuwen bringe 50 sint of in euro foar elke transaksje oan de klant yn rekken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje