Windows 7

novimber 11, 2009 09:00 Fernijd

Windows 7 is in ferbettering fan Vista. It ûntwerp fan 7 liket op syn foargonger, mar de grutste ferbettering sit neffens ferskillende websiden yn it systeem. It Nijs woe wol sjen oft it nijste produkt fan Microsoft yndie better is as syn foargonger.

Teloarsteld
Nei de lansearring fan Windows Vista wienen de brûkers slim teloarsteld. It systeem rûn faak fêst en frege om in flugge kompjûter. Sawol thúsbrûkers as bedriuwen holden XP, omdat de lêste fernijing dêrfan betrouber wie. Yn ‘e winkels waard troch ferkeapers de mooglikheid bean om in Vista-kompjûter werom te setten nei XP. Sa’n grutte ramp mocht Windows 7 net wurde.

Brûkberens
It ûntwerp is net folle oars as dat fan Vista. Op it fisuele mêd is der wol it ien en oar ferbettere, it each wol ommers ek wat, mar de opset is fierhinne itselde. Microsoft hat no ek wat dien oan de brûkberens fan it bestjoeringssysteem. By Vista kamen der by de ynstallaasje fan programma’s allegear fragen op dêr’t de trochsnee brûker gjin ferlet fan hie. Yn de nije Windows ha se, wêr’t se koenen, de grutste ûnsin fuortlitten. De befeiliging is wol ferbettere, want alle minsken wolle ommers in feilich systeem. It troch-de-finsters-hinne-klikke moatst ek mar ris dien wêze. Dêrtroch is it buroblêd en de navigaasje by Windows 7 ek ferbettere. In thúsnetwurk meitsje is by Windows 7 samar klear. By in thúsnetwurk hat elke brûker in wachtwurd, wêrmei’t er tagong hat ta de mienskiplike bestannen en de mienskiplike printer. Lange ynstallaasjes en drege konfiguraasjes binne der no net mear.

Faasje
Op ‘t ynternet ha ferskate lytse ûndersiken west nei it ferskil yn opstarttiid by de âlde en de nije Windows. It is net te sizzen oft it ien no sneller is as it oar. Der binne ek kompjûters wêrop Windows 7 noch stadiger rint as Vista, lykas op Netbooks mei Atom-prosessor. Mei Windows 7 kin wol makliker navigearre wurde en soks besparret tiid.

Pakketten
Der binne ferskillende pakketten te keap. It startpakket is foar dyjingen mei in Netbook, en dus in minder snelle kompjûter ha. De measte minsken krije Windows Home Premium. Dêrmei hat de brûker it basispakket. Dat basispakket is wat mooglikheden betreft te ferlykjen mei Vista.

Foar de lytse en middelgrutte ûndernimmers is der in Proffesional version, it profesjonele pakket. Dêrmei kin de ûndernimmer yn syn bedriuw maklik in lyts netwurk opsette. It fjirde pakket is de Ultimate version, mei alle mooglike funksjes en noch bettere befeiliging. De Enterprise version is ornearre foar gruttere bedriuwen en is allinnich op basis fan lisinsjes beskikber.

Wêr moat ik om tinke?
Op kompjûters mei Windows Vista hoecht Windows 7 net opnij ynstallearre te wurden. De brûker docht syn skyfke yn de DVD-lêzer en kin troch de fernijing te ynstallearjen syn âlde bestannen en programma’s behâlde. Wa’t noch Windows XP hat, moat de kompjûter wol opnij ynstallearje.

Ha ik in oare kompjûter nedich?
Foar Windows 7 jilde deselde systeemeasken as foar Vista. Wa’t al in kompjûter mei Vista kocht hat, hat net in nijenien nedich. Systeemeasken: Ien gigabyte ram-ûnthâld, 16 gigabyte wurkûnthâld en in grafyske kaart dy’t Direct-X-9 oan kin.

Oare betsjinning?
Yn Windows 7 is rekken holden mei touchscreenbyldskermen. De brûker kin mei syn fingers blêdzje en dingen fergrutstje. Troch mei de mûs hin-en-wer te skodzjen kinne finsters lytser en grutter makke wurde.

Wat hast der oan?
Windows 7 is seker wol in ferbettering fan Vista. Der binne gjin hegere systeemeasken en it lit him maklik betsjinje. Ferfelende meldingen dêr’t de brûker by Vista nei sjen moast, binne der no net mear. Ek al is de laadtiid itselde as by syn foargonger, troch de bettere navigaasjemooglikheden komt de brûker sneller by syn doel. It opsetten fan in thúsnetwurk is by Windows 7 net langer mear in tûkelteam.

Dêrby komt noch it moaiere ûntwerp en wat lytse aardichheden, te tinken oan de touchscreen technology. Foar dyjingen dy’t no noch XP ha, en oan wat nijs ta binne, is Windows 7 in prima alternatyf. It Nijs is ek fan betinken dat troch al de positive berjochten oer Windows 7 noch mear bedriuwen programmatuer meitsje sille dy’t inkeld kompatibel is mei de nije Windows. Wa’t wend wie oan XP en drompelfrees hat, Windows 7 kin ek yn it âlde XP ûntwerp besjen wurde (inkeld by de Ultimate- en Professional-Edition).

novimber 11, 2009 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.