Webside Skarsterlân op Overheid.nl

novimber 13, 2009 12:04

De webside fan de gemeente Skarsterlân is de grutste klimmer op de ranglist fan de Overheid.nl Monitor. Neffens it Jieroersjoch 2009 gie Skarsterlân 354 plakken omheech.  De gemeente stiet no op it fyftichste plak. Allinne de Fryske gemeenten  Smellingerlân en Ljouwert steane noch heger.

Ut  it ûndersyk komt nei  foaren hoe’t de gemeenten skoare op it mêd  fan elektroanyske tsjinstferliening. Skarsterlân bongele lang ûnderoan de list dy’t alle moannen bywurke wurdt. De gemeente stie ein 2007 noch op in 378ste plak. Troch it opskjinjen en oarderjen fan ynformaasje, it oanbieden fan in ferskaat oan nij funksjegebrûk en ekstra tsjinsten, kaam  de gemeentlike webside dêrnei  in stik heger op de ranglist.

By de beoardieling wurdt ûnder mear sjoen nei de transparantens, tsjinstferliening en tagonklikens. De gemeentlike webside stie yn juny fan dit jier noch op in 76ste plak. De hjoeddeiske notearring is it heechste plak dat  Skarsterlân oant no ta wist te besetten. Allinne Smellingerlân (47) en Ljouwert (38) steane yn it lêste ûndersyk noch heger. De gemeente Capelle aan de IJssel waard winner yn it Jierûndersyk 2009.

novimber 13, 2009 12:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.