VW set produksje oer-Golf stil

novimber 3, 2009 11:45 Fernijd

Nei fiifentritich jier hâldt autobouwer VW op mei de earste Golf. Nei it stilsetten fan de produksje begjin jierren tachtich makke VW noch in Golf-type yn Súd Afrika. Dy auto hie de namme Citi Golf.

De fraach op de Afrikaanske merk is noch altyd grut. De Citi Golf is dan ek ien fan de meast ferkochte weintsjes yn it lân. De weintsjes binne net djoer en hawwe in goede namme. De produksje wurdt stillein omdat de technyk no wier ferâldere is. Ek sil VW de produksje fan auto’s yn Súd-Afrika reorganisearje. De fokus komt te lizzen op de nijere types lykas de Polo en de Jetta. Dy reorganisaasje kostet inkele hûnderten miljoenen euro’s.

novimber 3, 2009 11:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.