Underwiisried wol prestaasjebonus

novimber 17, 2009 06:48

Skoallen moatte better op it doel ôf wurkje. Om dat foarinoar te krijen moat de oerheid in prestaasjebonus foar learaars ynfiere. Dat seit de Underwiisried yn in advysrapport oan it ministearje fan OCenW, dat freed útkommen is.

Neffens de ried wurde learaars op it stuit amper op harren prestaasjes ôfrekkene. Op de skoallen libbet ûnder learaars de kultuer fan “elkenien docht itselde, elkenien kin itselde en elkenien fertsjinnet itselde”, neffens it rapport. Dêr soene learaars harren foar ekstra ynspanning net troch wurdearre fiele.
In ynstelling op skoallen fan mear op it doel ôf is neffens de ried nedich, omdat de kwaliteit yn it ûnderwiis omheech moat mar dêr gjin jild beskikber foar is. Op de lêste ‘Prinsjesdag’ kundige it kabinet oan om flink op ûnderwiis besunigje te sillen.

De Underwiisried wiist yn it rapport ek oare faktoaren oan dy’t de effisjinsje fan it ûnderwiis yn ’e wei steane. Sa soe der by skoallen it tekoart oan kennis wêze oer de kosten fan ûnderwiis. Underwiisynstellings hawwe ek te min ynsjoch yn de wize dêr’t de dosinten harren tiid besteegje. De ried stelt foar om learaars harren tiidsbesteging systematysk byhâlde te litten.

novimber 17, 2009 06:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.