Twatalich diktee foar it Fryske lústerboek
Resint ferskynd
Rotaryklup Nijehove kriget noch hieltyd entûsjaste reaksjes op it diktee fan twa jier lyn. Dêrom organisearret de serviceklup op 18 novimber op Stenden Hegeskoalle in nije edysje fan it diktee. Gjin gewoan diktee, mar it earste twatalige diktee (Dik2) mei as tema ‘De Alvestêdetocht’. It diktee wurdt simultaan yn it Frysk en yn it Nederlânsk jûn. Dielnimmers kieze foar Nederlânsk of Frysk.
Heechste oplage Frykstalich lústerboek
Ek dizze kear is in goed doel oan it evenemint keppele: It Fryske lústerboek bekend en berikber meitsje ûnder in grut publyk. Rotary Nijehove Ljouwert soarget foar de produksje (500 eksimplaren) fan het lústerboek ‘De Kâlde Krústocht’, foarlêzen troch Hylke Speerstra sels.
Promininten lêze diktee foar
De ‘Dik2tors’ binne twa bekenden, skriuwer Hylke Speerstra en de Ljouwerter wethâlder fan Kultuer Isabelle Diks. Hja diktearje om bar in sin yn it Frysk (Speerstra) en it Nederlânsk (Diks). De presintaastje fan Dik2 is yn hannen fan Sippy Tigchelaar, âld-hurdrydster, presintator fan Omrop Fryslân en bestjoerslid fan de KNSB. Fansels sitte ûnder de dielnimmers ek promininten, út de wrâld fan it reedriden, sport, taal, wolwêzen en kultuer.
Namme evenemint: Dik2-dictee/diktee
Soarte evenemint: Earste (simultane) twatalich Diktee
Organisaasje: Rotary Club Leeuwarden Nijehove
Datum: 18 novimber
Tiid: 19.00- 22.00 o.
Priis: € 15,- de persoan
Lokaasje: Stenden Hegeskoalle, Ljouwert
Mear informaasje: http://sites.google.com/site/jacobsvreeker/home/dik2
Oanjaan: www.stendenmeetingu.nl (ek foar leden fan jo redaksje!)
Taaltocht jout lústerboeken oan âlderein
Mei in roadshow, de Taaltocht, giet Nijehove fan desimber 2009 oant maart 2010 by alve fersoargingshuzen lâns om dêr oeral in pear lústerboeken persoanlijk oer te langjen. Hylke Speerstra sil dêr ek út eigen wurk foarlêze.
Dit moat elke Fries/zinne witte: lústerje is itselde as flústerje en ‘luisteren’ is harkje. Ûnthâlde!!!