Eksekúsjes Sina om molkeskandaal
Resint ferskynd
Twa manlju binne yn Sina eksekutearre foar harren rol yn it skandaal om it fersmoargjen fan molkpoeier. Dat hawwe Sjineeske steatsmedia melden. It is net dúdlik wêr’t it fûnnis tsjin de beide manlju útfierd is.
Ferline jier kaam flak nei de Olympyske Spullen nei bûten dat Sjineeske poppen nierstiennen krigen hienen nei it konsumearjen fan mei melamine fersmoarge molkepoeier. Neffens Sjineeske autoriteiten stoaren seis Sjineeske poppen troch de giftige stof en waarden hast 300.000 bern siik. Melamine is in gemyske stof dy’t ornaris brûkt wurdt foar de produksje fan plestik. Yn molkepoeier suggerearret de stof de oanwêzichheid fan aaiwiten, wylst feitliken sprake is fan gif. Zhang Yujun krige de deastraf foar it mingen fan molkepoeier mei in giftige stof fan july 2007 oant en mei augustus 2008. Geng Jinping krige deselde straf foar it ferkeapjen fan it mingsel en de dêrmei makke produkten. De manlju wienen yn jannewaris ta de deastraf feroardield. Njoggentjin oare wurknimmers en managers fan it suvelkonsern Sanlu waarden ek feroardield foar harren rol yn it skandaal. De heechst ferantwurdlike by Sanlu, Tian Wenhua, ûntkaam oan de deastraf. Hja lei bekentenissen ôf oer misdieden dêr’t in legere strafmjitte op stiet. De frou sit ûnderwilens in libbenslange finzenisstraf út. Begjin augustus 2008 wienen hege funksjonarissen binnen Sanlu al op de hichte fan it melamineprobleem. It publyk waard pas heal septimber warskôge. Media melden dat it skandaal ûnder de pet hâlden waard yn ferbân mei de Olympyske Spullen, dy’t fan 8 oant 24 augustus 2008 yin de Sjineeske haadstêd hâlden waarden. De Sanlu Group, oant de útbraak fan it molkepoeierskandaal ien fan de grutste suvelbedriuwen fan Sina, waard yn febrewaris fallyt ferklearre. Sanlu blykte oars net it ienichste bedriuw te wezen dat mei molkeprodukten rommele. De autoriteiten hawwe yn de neisleep fan de affêre besletten dat 22 Sjineeske suvelûndernimmings skeafergoedingen betelje moatte oan slachtoffers en neibesteanden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje