Turkije tinkt oan wegerjen Wilders

novimber 25, 2009 06:49

It Turkske ministearje fan Bûtenlânske Saken lit de fraach yn him omgean oft PVV-lieder Geert Wilders wol ta it lân talitten wurde moat. In parlemintêre delegaasje út Nederlân, dêr’t Wilders by is, giet begjin jannewaris nei Turkije.

Deiblêd Aksam pakte hjoed op de foarside grut út oer Wilders’ besite oan Turkije. Ek de steatsstjoerder TRT berjochte deroer. Mocht Wilders yndied diel útmeitsje fan de delegaasje, dan soenen alle doarren yn regearingssintrum Ankara foar de groep sletten bliuwe, melden de Turkske media.
De krante basearret him op in anonime boarne, dy’t sein hat dat Ankara De Haach dêr ûnderwilens oer ynformearre hat. De Nederlanners soene kieze of diele moatte: òf Wilders yn de groep, òf moetings mei ûnder oaren de Turkske minister fan Bûtenlânske Saken Davutoglu en de Turkske EU-ûnderhanneler. Ankara koe dat net befêstigje en woe allinnich kwyt dat der oerlis geande is oer de besite.

novimber 25, 2009 06:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.