Trochstutsen kaart?
Resint ferskynd
De lêste dagen is der ûnrêst ûntstien yn de omkriten fan Dongeradiel oer de plannen fan de provinsje om de kommende tiid de dyk fan de Trynwâlden nei Dokkum ôf te sluten omdat der twa rotondes oanlein wurde moatte. It betsjut foar de minsken yn Noardeast Fryslân dat se allegearre in alternatyf sykje moatte. It meast foar de hân leit dan it trajekt Feanwâlden-Damwâld-Dokkum. Dat sil foar ekstra oerlêst soargje yn de Dokkumerwâlden en foar it brûkers fan de dyk sil it grif tiidferlies opleverje. Begryplik dat wethâlder Willemsma it smoar yn hat. As in bûtensteander soks lêst dan komme der dochs wat fragen omheech dêr’t men wat in frjemd gefoel fan yn it liif kriget. Werom moat de dyk no twa totondes krije? De dyk leit der al sa lang. Koe dat net eefkes wachtsje oant de Sintrale As (yn hokker fariant dan ek) syn beslach krigen hat? Unwillekeurich wurdt men erchtinkend. Soene se op it provinsjehûs betocht ha dat it earst mar op syn slimst moat op de wei Feanwâlden-Dokkum? Moatte der mear arguminten betocht wurde om it griene alternatyf fan de aksjegroepen ûnderút te heljen? As it straks in gaos is yn Damwâld mei it ferkear dan wurde de geasten miskien wol ryp foar de fjouwerbaans autowei dêr’t de provinsje foar keazen hat. No’t it draagchflak foar har trasee weromrint , de middels der eins net binne en it autoferkear earder minder wurdt moat der fansels wol wat betocht wurde om it dochs troch te setten. Is hjir miskien sprake fan trochstutsen kaart mei dy rotondes yn de N361?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje