Top fan de wrâld

novimber 18, 2009 00:06

Heger, grutter, Burj Dubai! It ûnbidige bouwurk is it nije symboal fan Dubai en it heechste bouwurk fan de wrâld. It bouwurk oan de Perzyske Golf is mei 818 meter hichte it heechste gebou fan de wrâld. De iepening sil yn jannewaris 2010 wêze.

Huzen, beammen, auto’s; fan boppen ôf besjoen, binne it hast allinnich noch mar stipkes. It sicht fan de top fan de toer ôf hat wol wat fan it sicht út in fleantúch.

De arbeider kin de kamera mar amper stilhâlde. Hat dat mei de wyn te krijen of komt it fan klearebere benaudens?

As op 4 jannewaris it heechste bouwurk op ierde offisjeel iepene wurdt, hat de skyline fan Dubai wer in spektakulêr gebou derby. No is de fraach, hoe lang’t de Burj Dubai it heechste gebou fan de wrâld bliuwt.

 

novimber 18, 2009 00:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.