Taleprojekt Dantumadiel in foarbyld
Resint ferskynd
De DVD ‘Troch mei Talen’ is in grut sukses yn Europa. It giet oer it trijetalich ûnderwiis. De DVD waard nei de presintaasje yn septimber al gau nei it Ingelsk oerset. By it jierlikse Partnership for Diversity’ kongres wie de Ingelske ferzje fan de DVD te sjen.
Wethâlder Siepie Hylkema en beliedsamtner Akkie Visser krigen nei it sjen litten kompliminten út ferskate Europeeske lannen oer de ynfiering fan it taalbelied yn it ûnderwiis. De gemeente Dantumadiel krige earder al de ‘Bestuursacademie Nederland Innovatie Award’ foar de DVD.
East-Friezen en Italjanen goed te sprekken
De East-Fryske en Italiaanske ôffurdigingen wienen benammen ûnder de yndruk fan de gearwurking tusken de ferskillende ynstânsjes. Yn East-Fryslân en de Italiaanske regio dêr’t se Friûlysk prate, fjochtsje de de praters fan it Eastfrysk plat en Friûlysk foar harren taal. Yn Italië wurkje 100 basisskoallen en 30 skoallen yn it fuortset ûnderwiis mei oan lessen yn de minderheidstaal. Yn East-Fryslân leare de bern op pjutteboartersplakken en op guon basisskoallen Eastfrysk plat.
De gearwurking tusken it ûnderwiis, de provinsje, biblioteken en gemeente lykas by it taletrajekt yn Feanwâlden blykt unyk te wêzen. Dêr wurkje de foarskoallen en basisskoallen gear om ta in optimale taalûntwikkeling te kommen. Bern tusken 0 en 12 jier krije sa trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Troch de DVD krigen de East-Friezen en Italianen in goede yndruk fan de wurkwize.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje