Spesjale Iraanske polysje-ienheid

novimber 16, 2009 07:58

De Iraanske polysje hat in spesjale ienheid opset om politike websteeën kontrolearje te kinnen en kriminaliteit op it ynternet te en kriminaliteit dêrop tsjin te gean. It haad fan de polysje-ienheid sei dat syn amtners “fraude, beledigjen en it fersprieden fan leagens” oanpakke sille, sa wie snein foar de BBC te hearren.

De measte opposysjewebsteeën binne al ferbean, benammen fan dy’t te krijen hawwe mei de presidintskandidaten dy’t juny by de ferkiezings, dêr’t in soad oer te dwaan west hat, ferslein binne. Mar aktivisten geane troch mei it opsetten fan nije websteeën om harren kampanjes oerein te hâlden houden, omdat se gjin tagong ta de troch de steat kontrolearre media hawwe.

Neffens waarnimmers is de ynternetpolysje op it folslein stillizzen fan de opposysje yn Iran rjochte. “De autoriteiten witte dat de opposysje net folle mooglikheden hat om syn lûd hearre te litten en dat it ynternet dêr ien fan is”, ferklearre sjoernalist Akbar Montajabi.

novimber 16, 2009 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.