Skeinde man lêst Brits nijs

novimber 18, 2009 06:46

De Britske kommersjele stjoerder Channel Five hat dizze wike in primeur. In man dy’t troch brânwûnen yn syn antlit slim skeind is, lêst fan moandei ôf in wike lang it sjoernaal fan de omrop.

Mei it ynsetten fan de nijslêzer wol de stjoerder nei eigen sizzen de foaroardielen tsjin minsken mei in mishypt uterlik weinimme. De tydlike presintator fan it sjoernaal is James Partridge, dy’t swiere brânwûnen hat troch in auto-ûngelok. „Myn antlit is in lapetekken fan groeden”, seit er der sels oer.
Partridge nimt de kommende wike it plak yn fan de reguliere nijslêster, showbizzdiva Natasha Kaplinsky.

novimber 18, 2009 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.